Bûsehifkers Snitswike oppakt

© Omrop Fryslân
Twa Ljouwerters fan 28 en 31 jier binne yn de nacht fan snein op moandei op de Snitswike oanholden op fertinking fan it bestellen fan besikers. In portier fan in kafee fûn meardere mobile tillefoantsjes yn 'e bûsen fan de manlju en warskôge de plysje. Dy hat de Ljouwerters meinaam nei it buro en ûndersiket oft de manlju mear minsken bestellen hawwe.
Dêrneist waarden fiif minsken oanholden foar drugsbesit en it ferstoaren fan de iepenbiere oarder. Op it wetter waarden trije skippers bekeurd foar te snel farren en farren mei drank op.