Frou mishannele op kemping

04 aug 2014 - 10:00
Foto: ANP

In man fan 46 jier út Marum en in 43-jierrige frou út Beilen binne sneintejûn oppakt foar mishanneling op in kemping yn Westergeast. It duo hie rûzje mei in frou fan 63 jier út Bûtenpost. It slachtoffer krige ferskate klappen. De rûzje ûntstie neidat de bern fan de fertochten en it slachtoffer heibel hân hienen.

(advertinsje)
(advertinsje)