Fernielings op sportkompleks

Op it sportkompleks fan fuotbalklup SC Boalsert en kuorbalklup Westergo hawwe fandalen foar inkele tûzenen euro's oan skea oanrjochte. De tribune by de fuotbalklup waard yn brân stutsen en by de kuorbalklup binne de dug-outs fernield. Ek binne ferskate goals en netten op it terrein sloopt.
It sportkompleks is frij tagonklik en benammen yn it wykein wurdt der in soad fernield. De sportferienings wolle dat de plysje en de gemeente Súdwest-Fryslân mear tafersjoch hâldt. De kuorbalklup hat al oanjefte dien by de plysje.