Steuring: gjin LC

04 aug 2014 - 05:52

Fanwege in technyske steuring ferskynt der moandeitemoarn gjin Ljouwerter Krante. Ek op de kompjûter of de mobile telefoan is de Ljouwerter moarns noch net te lêzen. Neffens haadredakteur Hans Snijder sil de krante besykje om yn de rin fan de dei in neededysje ferskine te litten. Hoelang as de steuring duorje sil is noch net dúdlik.

Snijder hopet dat der tiisdei wer in krante makke wurde kin. It Friesch Dagblad ferskynt wol, mar yn oanpaste foarm.

Trefwurden: 
Ljouwerter Krante steuring
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)