Soarch oer feiligens op wetter

03 aug 2014 - 14:58

It CDA yn Súdwest-Fryslân makket him soargen oer de feilichheid op it Fryske wetter. Om't it hieltyd drokker wurdt mei toeristen en beropsskipppers, ûntstean der gefaarlike situaasjes, seit CDA-er Petra van den Akker. Sy grypt de Snitswike oan om te wizen op de knipepunten, bygelyks it Starteilân.

Alle jierren komme der tsientûzenen minsken op de Snitswike ôf. Op it wetter om Snits hinne is it dan smoardrok. Oer de Snitsermar leit ek de farrûte fan de beropsfeart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)