Wommels wint Ald Meiers-partij

Hedwich de Boer, Martzen Deinum en Sjanet Wijnia fan Wommels hawwe sneon yn Hitsum de 15e edysje fan de Ald Meiers-partij op harren namme skreaun. Yn de finale wienen de fammen mei 5-2 en 6-6 te sterk foar it partoer fan Ie mei Louise Krol en Baukje Krootsma.
De lytse preemje wie foar Fiera de Vries, Jildou Jansen en Hendrieka van der Schoot fan Seisbierrum-Pitersbierrum.