Weikrûpe yn kofferbak

© ANP XTRA
Yn Koarnjum hat de plysje sneontejûn in man fan 25 jier út Ljouwert oanhâlden. De melding kaam oer in man dy't op in bankje oan de Skeltedyk lei. Hy reagearre net doe't er oansprutsen waard. De man is dêrnei yn de kofferbak krûpt fan in auto dy't op it terrein fan in garaazjebedriuw stie. Hy woe der net útkomme, en misledige en bedrige de plysje.
Lang om let kaam de Ljouwerter der dochs út, mar hy wraksele bot tsjin. Hy besocht dêrby de plysjes te biten. De man is ynsletten.