Fyts oantikke mei auto

De plysje hat de ôfrûne nacht op 'e Lemmer twa minsken út Emmeloard oanhâlden op fertinking fan mishanneling. De twa soene mei harren auto by de McDrive in 19-jierrige Lemster op 'e fyts in pear kear oantikke hawwe. Doe't de Lemster dêr wat fan sei, krige er fan de 21-jierrige frou út Emmeloard in klap tsjin de holle.
It duo koe letter by har wenplak oanhâlden wurde. Se binne ynsletten.