Fjochterij yn Dokkum

03 aug 2014 - 10:17

Yn Dokkum hat sneontenacht houwerij west oan de Oranjewâl. In man fan 21 krige yn in kroech in skop yn 'e rêch fan in 23-jierrige Dokkumer. Doe't syn maat dêr wat fan sei, krige dy in klap yn it gesicht. In twadde persoan soe ek slein hawwe. Ferskate omstanners bemuoiden har mei de rûzje. In portier dy't de fjochtsjende partijen útinoar helje woe, krige in klap yn it gesicht fan de 23-jierrige Dokkumer.

De portier koe de man dochs oanhâlde en oerdrage oan de plysje. Uteinlik hawwe trije manlju oanjefte dien.

Trefwurden: 
Dokkum fjochterij slaanderij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)