Wrâldreizgers wer thús

02 aug 2014 - 18:29
  • Wrâldreizgers wer thús
  • Harkje nei Huib Jan de Graaf
  • Harkje nei Jannet de Graaf

De famylje De Graaf út Ljouwert is wer thús nei in wrâldreis fan fjouwer jier mei harren sylboat Seaquest. By harren oankomst sneontemiddei yn Harns waarden se opwachte troch in groep fan sa'n hûndert famyljeleden en freonen.

De reis is neffens Huib Jan de Graaf in súkses wurden mei prachtige aventoeren oer de hiele wrâld. Foaral de besite fan hast in heal jier oan Nij-Seelân hat in grutte yndruk achterlitten. Djiptepunt fan de reis wie in tongerynslach yn it Ingelske Brighton dy't in soad skea oan de elektroanika feroarsake.

(advertinsje)