Botulismefûgels yn opfang

De Fûgelhelling yn Oerterp hat tsien botulismeslachtoffers yn de opfang. It giet om acht einen, in markel en in seefûgel. De fûgels komme út fivers yn Ljouwert, dêr't ek al in fyftichtal deade einen út it wetter helle binne.
Botulisme ûntstiet meastentiids yn stilsteand wetter. Wetterfûgels reitsje dêrtroch ferlamme. By De Fûgelhelling wurde de fûgels ynwendich skjinspield en yn in aparte romte fersoarge. Meiwurkster Hetty Sinnema tinkt dat de measte fûgels wol wer better wurde. Allinnich de markel soe it wolris net oprêde kinne.