Boetes by natuerkontrôle

02 aug 2014 - 09:37

De plysje hat freed mei natuerorganisaasje It Fryske Gea kontrolearre yn de natuer. Dat wie yn Natura 2000-gebiet oan de Iselmarkust. Dêr diene minsken dingen dy't net tastien binne.

Yn seis gefallen waard fearn yn gebiet dêr't soks net mei. Yn oare gefallen brûkten wettersporters gjin saneamd 'deademanskoard', of se sieten allinnich yn in boat mei in wetterskyer of in rubberbân derachter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)