Gjin rôze overals mear

01 aug 2014 - 19:56

Rianne Holtrop fan Rotstergaast hâldt op mei it ûntwerpen, meitsjen en ferkeapjen fan rôze overals foar froulju. It idee om in modieuze overal te meitsjen kaam fiif jier lyn doe't har man Bart frege oft se meihelpe koe yn de melkstâl. De ôfrûne fiif jier binne der goed 2500 rôze overals ferkocht. Neist de overals begûn Holtrop it hippe wurkkleanmerk Rianne's Farmers Fashion. Se hâldt op mei har kleanaktiviteiten fanwege in baan yn de soarchsektor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)