Mounewetter bêste swimbad

01 aug 2014 - 17:29

Swimbad Mounewetter yn Wytmarsum is foar it tredde jier achter mekoar it bêste swimbad fan Fryslân wurden. It swimbad krige mear as trijehûndert stimmen en giet dermei troch nei de lanlike finale. Mounewetter wie it iennige Fryske swimbad dat mear as hûndert stimmen krige. Yn desimber wurdt bekend hokker swimbad de nasjonale finale wûn hat.

Trefwurden: 
Wytmarsum swimbad Mounewetter
(advertinsje)
(advertinsje)