Spanning foar Fryske silers

Foar de Fryske silers is it sneon in wichtige dei. Dan begjint nammentlik it Olympysk Test Event yn Rio de Janeiro. Neist it WK yn Santander is dat in wichtich ûnderdiel foar kwalifikaasje foar de Olympyske Spelen yn 2016. De Fryske silers Marit Bouwmeester en Pieter-Jan Postma hoopje harren sa gau mooglik te pleatsen foar de Olympiade yn Rio. Der kin nammentlik mar ien manlike en ien froulike dielnimmer yn in klasse fan elk lân meidwaan.