Brân nei 80 oeren pas út

De brân yn it tsiisfabryk fan FrieslandCampina yn Gerkeskleaster is sûnt freedtemiddei trije oere út. De brânwacht wie doe klear mei it neiblussen fan de brân dy't ôfrûne tiisdei begûn. Mei-inoar hat de brânwacht tachtich oeren oan it neiblussen west. Dat waard dien troch korpsen út Fryslân en Grinslân.
FrieslandCampina ferwachtet dat se dit wykein úteinsette kinne mei it skjinmeitsjen fan de tsiismakkerij.