Enge maskers by fytstunnel

© Plysje Snits
Twa Snitsers mei yslike maskers op hawwe tongersdeitenacht passanten by de fytstunnel yn de Lemmerwei yn Snits skrikke litten. Se hâlden minsken oan. Om't ien fan de manlju ek mei in mes swaaid hawwe soe, stelde de plysje in ûndersyk yn. Dêr hat út bliken dien dat it om twa manlju fan 22 en 23 jier giet.
De plysje hat de maskers yn beslach naam. In mes waard net fûn. De plysje sil de saak fierder ûndersykje om te sjen oft sprake is fan mear strafbere feiten.