Undersyk nei botulisme

Wetterskip Fryslân ûndersiket oan hokker type fan botulisme einen en oare wetterfûgels yn Ljouwert deagien binne. De diere-ambulânse hat tongersdeitejûn tsientallen deade fûgels út fivers en sleatten yn de wyk Bilgaard en de Ljouwerter Bosk helle.
As fêststiet om hokker type botulisme it giet, kin it wetterskip maatregels nimme. Sa soene se bygelyks farsk wetter ynsteame litte kinne.