'Fryske hierhuzen goedkeap'

Hierhuzen yn Snits
Hierders yn Fryslân binne goedkeap út. Dat docht bliken út ûndersyk fan webside Pararius. Fryslân stiet op it ien nei lêste plak yn in fergelyk fan alle provinsjes. Allinnich yn Drinte hoecht noch minder betelle te wurden.
Yn Noard-Hollân binne hierders it djoerste út. Dêr moat 16,51 euro de moanne foar in fjouwerkante meter betelle wurde. Yn Fryslân is dat noch net iens de helte dêrfan.