Plysje pakt ynbrekker

01 aug 2014 - 09:31

In 41-jierrige man út Ljouwert is tongersdeitemiddei oppakt doe't er besocht yn te brekken yn in wente oan de Carlierstrjitte. In tsjûge seach de man yn de tún by it hûs en belle de plysje.

By syn arrestaasje die bliken dat de fertochte ynbrekkersark by him hie. De Ljouwerter hat besocht de túndoarren fan it hûs iepen te brekken.

Trefwurden: 
Ljouwert ynbraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)