Nij skip foar Harm Teerling

31 jul 2014 - 20:47

Kokkelfisker Harm Teerling út Harns hat in nij skip kocht. Dat is bysûnder, want it giet om ynvestearring fan tonnen. In oankeap fan in nij skip wurdt dan ek faak mar ien kear yn it libben dien. It âlde skip fan Teerling wie 108 jier âld en hie dêrom in soad ûnderhâld nedich.

De nije HA 24 hat in soad foardielen. Sa sitte der sinnepanielen op it dak foar de stroomfoarsjenning en fierder fart it skip minder djip. Hjirtroch kin it skip op mear plakken komme. It nije skip is 23 meter lang en 6 meter breed en weaget 35 ton.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)