Snits makket it wer spannend

31 jul 2014 - 16:31

It skûtsje fan Snits hat tongersdei de tsiende dei fan it SKS skûtsjesilen wûn. Skipper Douwe Visser wist op de Lemster baai as earste oer de finish te kommen en makket it kampioenskip wer spannend. It skûtsje fan De Lemmer mei skipper Albert Visser waard twadde. It skûtsje de Heale Moanne einige as tredde.

It slagge it skûtsje fan Grou net om foar de fyfde kear in deioerwinning te pakken en dêrmei it SKS kampioenskip in dei foar de ein feilich te stellen. It skûtsje fan Douwe Azn. Visser kaam tongersdei as sechsde oer de finish.

Freed is de lêste wedstriid fan it SKS skûtsjesilen. De skûtsjes sile dan yn Snits op de Snitsermar. De spanning is troch de winst fan Snits wer wat werom yn it klassemint. It skûtsje fan Grou giet noch oan de lieding.

Sjoch hjir foar alle útslaggen en klasseminten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)