Kraaijeveld riedt har ta op EK

31 jul 2014 - 16:18

Swimster Ilse Kraaijeveld út Dokkum mei op it EK yn Berlyn meidwaan oan de persoanlike starts op de 50 en de 100 meter frije slach. Dat hat technysk direkteur Joop Alberda tongersdei bekendmakke. Boppedat moat Kraaijeveld har beskikber hâlde foar de 4x100 meter wikselslach estafettes. De kâns dat se dêr ek ynset wurdt, is lykwols lyts neffens Alberda.

It EK swimmen fynt plak fan 18 oant mei 24 augustus yn Berlyn. Kraaijeveld fleant snein nei Mallorca ta foar de lêste trainings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)