Dalgaard nije spits SC H'fean

31 jul 2014 - 14:28

SC Hearrenfean hat tongersdeitemiddei Thomas Dalgaard presintearre as nije spits. De 30-jierrige Dalgaard komt oer fan it Deenske Viborg FF, dêr't er mei 18 goals yn 33 wedstriden topskoarer fan de Deenske kompetysje waard. Dalgaard hat in kontrakt foar trije jier tekene, mei in opsje foar noch in jier. De Deenske oanfaller moat de opfolger wurde fan Alfred Finnbogason, dy't nei Real Sociedad gong is.

Earder waard bekend dat oanfaller Bilal Basaçikoglu SC Hearrenfean ferlit en nei Feyenoord giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)