Botulisme Gordyk en Terwispel

Botulisme yn it wetter © ANP
De gemeente Opsterlân warskôget foar botulisme op De Gordyk en yn Terwispel. Ferline wike waarden deade einen oantroffen yn de Opsterlânske Kompanjonsfeart by Loevestein op De Gordyk en by de Spaltenbrêge yn Terwispel. Ut ûndersyk docht bliken dat de einen besmet wienen mei botulisme.
It giet om in besmetting mei type C, in fariant dy't yn prinsipe net gefaarlik is foar minsken, hûnen en katten. Dochs advisearret de gemeente om net yn it wetter te gean. As de kadavers lang lizze bliuwe, kin ek type B of E ûntstean dy't wol gefaarlik binne.