Goede produksje gersdroegerij

31 jul 2014 - 11:44

De gersdroegerij yn De Pein giet dit jier in ekstra lang seizoen temjitte. Dat ferwachtet bedriuwsliedster Ineke Wiegersma. Gewoanwei begjint de gersdroegerij altyd begjin maaie te draaien, mar troch de mylde winter begûn it wurk dit jier al yn april.

Yn de 70-jierrige skiednis fan de gersdroegerij is der noch nea sa betiid úteinsetten mei it wurk. De produksje komt dit jier nei ferwachting op mear as tsientûzen ton oan droechprodukt út. Dat is folle mear as ferline jier. Doe wie de opbringst leger, om't it seizoen pas let op gong kaam.

De gersdroegerij hat net in soad lêst fan it droege waar. Yn de omjouwing fan Drachten is neffens Wiegersma dit jier noch altyd op 'e tiid rein fallen.

Trefwurden: 
De Pein gersdroegerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)