Oerterper rydt mei drank op
In 23-jierrige man út Oerterp is woansdei bekeurd om't er mei drank op op in scooter ried. De man waard op de Haadwei yn syn doarp oanholden. Plysjes koene rûke dat er drank op hie. Hy krige in rydferbod fan fjouwer oeren en der is proses-ferbaal opmakke. Neffens de man siet der noch alkohol yn syn bloed fan it stappen de jûn derfoar.