Wyldpisser mislediget plysje

31 jul 2014 - 10:23
Foto: Omrop Fryslân

In 63-jierrige man út Frjentsjer is yn de nacht fan woansdei op tongersdei oppakt nei't er de plysje misledige. De man wie oan it wyldpisjen op de Hocquart yn Frjentsjer. Doe't de plysje him dêrfoar in boete jaan woe, waard de man lilk en misledige de plysje. Hy is oanholden en meinaam nei it buro.

(advertinsje)
(advertinsje)