Fytster Boarnburgum ferwûne

31 jul 2014 - 10:04

In 68-jierrige frou út Boarnburgum is woansdeitemoarn ferwûne rekke by in oanriding op it Súd yn Drachten. In 62-jierrige automobiliste út Elslo seach de frou op de fyts oer de holle doe't se de dyk oerstuts. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok Drachten Boarnburgum
(advertinsje)
(advertinsje)