Skea nei brân yn wenhûs

31 jul 2014 - 06:58

In wenhûs oan de War yn Frjentsjer hat woansdeitejûn in soad skea oprûn troch brân. It fjoer ûntstie yn in frituerpanne dy't yn de oanbou fan de wente stie. Dat part fan it hûs stie troch de brân fol mei reek.

De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Der rekke nimmen ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)