Brandsma wint ljepperij Burgum

Nard Brandsma © Martin de Jong
Nard Brandsma hat woansdeitejûn mei in sprong fan 20.23 meter de fierljepperij yn Burgum wûn. Brandsma bleau mei dizze sprong Bart Helmholt (19.72) en Oane Galama (19.58) foar. Yn it algemien klassemint giet Galama noch oan de lieding, Helmholt stiet twadde en Brandsma tredde.
By de froulju gong de winst nei AkkeNeel Talsma mei in persoanlik rekôr fan 16.11. It earste plak by de junioaren wie der foar Age Hulder mei 18.68 en by de jonges wie Jarno Hoekstra (17.12) de bêste.