300 minsken rinne Stille Tocht

30 jul 2014 - 21:04

Goed 300 minsken hawwe woansdeitejûn meirûn yn in stille tocht foar de slachtoffers fan de fleantúchramp yn Oekraïne. By dy ramp, goed twa wiken lyn, kamen 195 Nederlanners om it libben.

De dielnimmers oan de tocht yn Drachten woene op dizze wize sjen litte dat se meilibje mei de neibesteanden. De tocht starte en einige yn it Thalenpark en gong dwers troch it sintrum fan Drachten. De organisaasje wie ferrast troch it grut oantal dielnimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)