Grou wint foar 4e kear by SKS
Grou hat op 'e nij it skûtsjesilen wûn. It is de fjirde oerwinning foar Douwe Visser en syn bemanning. De silerij wie woansdei yn de Lemster baai. Mei de oerwinning wurdt de earste posysje fan Grou yn it SKS-kampioenskip allinne mar steviger.
Twad waard Earnewâld en tred De Heale Moanne.