Feanspiler Voest út rûlaasje
SC Hearrenfean-ferdigener Joris Voest is sân oant acht moanne lang útskeakele troch in swiere knibbelblessuere. De 19-jierrige fuotballer rûn moandei yn de oefenwedstriid tsjin jong FC Grins in swiere blessuere op, wêrby't er de foarste krúsbân fan syn linkerknibbel ôfskuorde.