Professor wol Ryn ôfswimme
In Dútske professor sil ein augustus de Ryn yn syn folsleine lingte swimme. Yn 25 etappes swimt er de rivier fan Switserlân nei Hoek fan Hollân, dat is in ôfstân fan 1200 kilometer. De wittenskipper, Andreas Fath, wol op syn tocht wettermeunsters nimme. Dy wurde ûnder oaren ûndersocht troch Wetsus yn Ljouwert. Mei syn tocht wol er omtinken freegje foar wetterkwaliteit, wettermanagement en wettertechnology.
It swimmen fan de folsleine rivier de Ryn is foar it lêst yn 1969 dien.