Oerflaktewetter is skjin

Wetterskip Fryslân is tefreden oer de kwaliteit fan it oerflaktewetter by Gerkeskleaster. Dit nei oanlieding fan de grutte brân tiisdei yn it tsiisfabryk fan FrieslandCampina. Dat docht bliken út mjittingen fan it Wetterskip. Dy jouwe gjin neidielige effekten op de wetterkwaliteit. Troch de brân is bluswetter yn it oerflaktewetter telâne kaam.
It Wetterskip is tiisdei begûn mei it ekstra trochspielen fan fearten en kanalen by Gerkeskleaster. Ek woansdei giet dat noch troch. Minsken kinne wer swimme en fiskje en it fee kin der fan drinke.