Webside mei ynfo oer De Jouwer

© Omrop Fryslân
Alles wat te dwaan, te sjen en te belibjen is op De Jouwer is tenei te finen op de webside TeJoure.nl. It giet om ynformaasje foar sawol ynwenners as toeristen, oer aktiviteiten yn it doarp en wêr't minsken oernachtsje kinne. Der stiet ek ynformaasje op oer wenjen en ûndernimme yn it doarp. De webside is in inisjatyf fan de Stichting Vleckemarketing Joure. Der sitte fertsjintwurdigers yn fan ûnder oaren de feriening fan winkellju, de VVV en gemeente De Fryske Marren.