'De dei is uzes, it giet oan!'

De 161ste PC is woansdeitemoarn om 9.45 oere begûn. Foarsitter Johannes Westra iepene de keatserij op it Sjûkelân yn Frjentsjer mei de wurden 'De dei is uzes, it giet oan!'. Earder op de moarn waard it winnende partoer fan foarich jier, Johan van der Meulen, Renze Hiemstra en Hylke Bruinsma, yn de koets rûnriden troch de stêd. Dêrnei waard de keningsbal ynlevere en songen dielnimmers en publyk it Frysk folksliet.