Cambuur wint fan Volendam

Cambuur hat tiisdeitejûn de oefenwedstriid tsjin FC Volendam mei 2-1 wûn. De Ljouwerters kamen yn de earste helte fan de wedstriid, dy't spile waard op sportkompleks Schatzenburg yn Menaam, op in 2-0 foarsprong troch goals fan Schepers en Ogbeche. Yn de twadde helte waard Cambuur stadichoan minder en de Ljouwerters sakken yn it lêste kertier troch de ûndergrins. Volendam profitearre mar ien kear troch in goal fan Marengo.
Proefspiler Jeron Al Hazaimeh, in sintrale ferdigener, krijt gjin kontrakt oanbean fan SC Cambuur.