Swimferbod by Gerkeskleaster

Brân tsiisfabryk brân meester © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Wetterskip Fryslân warskôget foar it bûtenwetter yn de omjouwing fan Gerkeskleaster. Troch de brân fan tiisdei is der bluswetter yn it oerflaktewetter kaam. Wetterskip Fryslân riedt dêrom minsken ôf om te swimmen, rekreëren of te fiskjen yn de omjouwing fan Gerkeskleaster.
Fierder soene boeren harren fee net út it oerflaktewetter drinke litte moatte. De warskôging jildt foar de Strobossertrekfeart oant Bûtenpost, de Alde Feart, de Alde Lauwers en it PM-kanaal.