Blussen kin noch dagen duorje

29 jul 2014 - 16:30

It blussen en it neiblussen fan de brân yn it tsiisfabryk yn Gerkeskleaster kin noch wol dagen duorje. Dat lit de brânwacht witte. Ek it jaan fan it sein 'brand meester' lit lang op him wachtsje. Dat komt om't de brânwacht lêstich by de fjoerhurd komme kin.

Al sûnt tiisdeitemoarn acht oere binne brânwachtminsken dwaande mei it blussen. Yn de rin fan de moarn waarden hieltyd mear brânwachtkorpsen oproppen om te assistearjen. De brânwacht lit de loads dêr't de brân begûn is, no kontrolearre útbaarne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)