Diskwalifikaasje foar Kamminga

29 jul 2014 - 15:52

Manon Kamminga fan It Hearrenfean is tiisdei op de twadde dei fan it Europeesk kampioenskip inline-skaten yn it Dútske Geisingen diskwalifisearre op de 500 meter. By de race rekke Kamminga de Portugese Marta Nuñez en waard se út de wedstriid helle. Se hat noch wol protest oantekene, mar dat is ôfwiisd.

Troch de diskwalifikaasje mei Kamminga, dy't moandei noch in sulveren medalje wûn op de 10 kilometer, net yn aksje komme op de ôffalwedstriid. Dêr wie sy titelferdediger. Se rjochtet har no op de 1000 meter en de ôflossingswedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)