Koarting boukavels Aldehaske
De gemeente De Fryske Marren jout koarting op boukavels yn Aldehaske. Op dizze wize hopet de gemeente de seis kavels oan De Menning te ferkeapjen. It giet om plakken dêr't frijsteande wenten boud wurde kinne. De koarting rint op oant 30 euro de kante meter.