Mear reekûntwikkeling by brân

De reekûntwikkeling by de brân yn it tsiisfabryk fan Gerkeskleaster nimt ta. Dat komt trochdat de brânwacht de loads dêr't it fjoer ûntstien is, kontrolearre útbaarne lit. Parten fan de loads stoarte yn en dat soarget foar grutte reekwolken. De situaasje is yntusken opskaald ta GRIP 2, dat betsjut dat it gebiet dat mei de gefolgen fan de brân te krijen hat, grutter makke wurdt troch de helptsjinsten.
De brânwacht advisearret minsken yn de regio súdwestlik fan Gerkeskleaster om de ruten en de doarren ticht te hâlden.
De brân soarget foar grutte skea. Yn it pakhûs leine 45.000 tsizen opslein. Dy binne ferlern gien. De produksje leit folslein stil. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.