Makkingea krijt nije mealstoel

De nôtmûne De Weyert yn Makkingea krijt der yn it kommende healjier in mealstoel by. Op dy mûne kin ek nôt ferwurke wurde as it net waait. De bedoeling is dat der foaral rogge ferwurke wurde sil. De stoelmûne wurdt hielendal sels boud troch moolner Nico Meinsma. De kommende moannen is Meinsma dwaande om de skerpens op de mealstiennen oan te bringen.
As alles goed giet is de nije stoelmûne begjin takom jier klear.