'Gefolgen brân binne grut'

29 jul 2014 - 12:54

De gefolgen fan de brân yn it tsiisfabryk yn Gerkeskleaster binne grut. Dat seit wurdfierder Rob van Dongen fan FrieslandCampina. De produksje is folslein stillein en de molkauto's moatte útwike nei oare fabriken mei har molke. Op it momint dat de brân útbruts wienen der 67 minsken oan it wurk. Mei help fan BHV'ers binne dy allegear sa gau as mooglik út it fabryk gien. Der is net ien ferwûne rekke.

Yn it fabryk yn Gerkeskleaster wurde Goudse tsizen en molkpoeier makke. Der wurdt 24 oeren deis wurke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)