Balkster fernielt auto en hûs

29 jul 2014 - 11:52
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei in 24-jierrige man út Balk oanhâlden. De man hie fernielings oanrjochte oan in auto en in hûs yn de Bauke Boersmastrjitte. De man hie tefolle drank op en is meinaam nei it buro.

(advertinsje)
(advertinsje)