Skipfeart foar part stillein

29 jul 2014 - 11:46

It skipfeartferkear op it Prinses Margrietkanaal by Gerkeskleaster is foar in part stillein fanwege de grutte brân yn it tsiisfabryk fan FrieslandCampina. Skippen mei gefaarlike lading, lykas brânstoffen, meie net lâns Gerkeskleaster farre. Ek de rekreaasjefeart mei netfierder farre. Allinnich beropsfarferkear mei noch oer it PM-kanaal.

Ferskate brânwachtkorpsen binne tiisdei al de hiele dei dwaande om de útslaande brân yn it fabryk ûnder kontrôle te krijen. By de brân komt in soad reek frij, dy't oer it kanaal fuortwaait.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)