Sulver Manon Kamminga op EK

29 jul 2014 - 08:56

Manon Kamminga hat har earste medalje op it Europeesk kampioenskip inline-skaten binnen. Yn it Dútske Geisingen waard de ynwenster fan It Hearrenfean op de punte-ôffalkoers oer 10 kilometer twadde. It goud wie foar de Italiaanse Francesca Lollobrigida. De Fransêze Clemence Halbout waard tredde. By de manlju wie der in fiifde plak foar Mark Horsten fan It Hearrenfean op itselde ûnderdiel. De winst wie foar Alexis Contin út Frankryk foar de Dútser Felix Rijhnen en de Belch Bart Swings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)