Kofjehûs Skylge wol útwreidzje

De haven fan Skylge © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Kofjehûs Het Wakend Oog op West-Skylge wol útwreidzje. Der is in fergunning oanfrege foar in grutter terras. Dat moat komme oan 'e súdkant fan it karakteristike geboutsje. De útbater besiket sa de eksploitaasje rendabel te hâlden.
In pear jier lyn besocht de eigner om in fergunning foar it skinken fan alkohol te krijen. Dêr ûntstie kommoasje oer om't Het Wakend Oog ea skonken is as in wachthúske foar fiskers, dêr't gjin drank skonken wurde mocht. It gebou is eigendom fan in stifting, dy't ôfsjoen hat fan it skinken fan drank.